februari 9, 2017
fan Rembrandt*
Wêrom net as masters op ’t portret?
Sy steane yn foar kwaliteit
en sitte net foar neat yn ’t fak;
gjin stof dy’t fan har ’t stimpel krijt
fan eksellint, brûkt foar in platte pet,
sy binne mei de hoed wol ûnderdak.
Op it kleed leit prominint it boek
mei alle stalen kreas beskreaun,
de ponge heart ek op it plús,
want kapitaal is masters freon,
matearje makket harren mear as tûk,
se binne sa op alle fronten thús.
Kalvinist, mennist en remonstrant,
dêrby ek noch in katolyk,
as masters fan de stof dus rom
genôch foar God syn Keninkryk;
lit har seis dagen sitte foar de klant,
de sânde stiet beskreaun as dimmen… from.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De staalmasters’
februari 8, 2017
fan Rembrandt*
It moat my as Marijes man fan ’t hert,
dat faak fûl kloppe hat
fan blidens, mar noch mear fan skrik;
de wizen wiene wer nei hûs ta set,
foarname lju, mar wa wie ik?
Ik stie wat achterôf en hie nea tocht
dat ik dyselde nacht
wat fielde yn de sliep, in tik
op ’t skouder, want in ingel brocht
my syn berjocht, mar wa wie ik?
It wie gjin neare dream, mar stjerrend wier:
Herodes socht it bern
as foarst mei in moarddiedich skik;
wy moasten op ’e flecht, al ier
nei ’t suden ta, mar wa wie ik?
Ik ha gjin wink mear yn de eagen hân,
want ik wie wol de man
en heit, dus moast de rêch al rjocht;
Egypte, eartiids slavelân,
dêrhinne ha ik beide brocht.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Flecht nei Egypte’