maart 18, 2017
fan Alexander Master*
It is net slagge mei dy fint,
dy’t dûbeld doopt is, ûnder wetter
en fan boppen mei de geast,
sa waard er ûnder ’t folk bekend,
ik tocht, myn kâns komt letter.
Dy geast brocht him yn de woestyn,
dat wie myn kâns, hy wie allinne,
fjirtich dagen sûnder wat,
ik kaam by him, rap as de wyn,
hy woe gjin brea fan stiennen.
Ik naam him mei de hichte yn
en woe him ta ha alle riken
fan de wrâld, ien knibbelfal
foar my en hiel de boel wie syn
besit… hy woe net wike.
Doe brocht ik him op ’t timpeldak
en sei, de ingels soene komme
om te heinen nei de sprong,
mar mis, want hy bleau op syn plak,
ik hie ’t ferlern ferdomme!
* Alexander Master illuminator
Skilderij ‘De trije fersikings fan Kristus troch satan’
maart 17, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
Skûtsjedriuwe is gjin nocht
mei tolve gasten of noch mear,
in skûtsje bliuwt dan fierste rjocht,
de skipper is der rap mei klear.
Regels komme út ’e stêd:
De Haach jout tweintich graden skean,
net mear… in skûtsje wurdt ta bêd
mei ’t stek derom, sa wurdt der fearn.
Skipper:
Sile mei in koarte mêst
is pisje mei in flauwe kul,
in ûnderbroek as seil, net bêst,
as skipper bin ik sa de lul.
Gast:
Boatsjefarre, wat in lol,
ik bliuw fan ûnderen net drûch
en ha de broek der al fan fol,
ik wurd as smoarge baarch sa slûch.
Yllustraasje: Gerard de Groot