maart 26, 2017
fan ûnbekend*
Umberto neamde him de Earste,
kening fan it Itaaljaanske ryk,
syn folk spriek fan de Goede,
fan syn goederjouskens wie ’t in blyk,
hy joech fierwei it measte.
As prins waard hy kaptein yn ’t leger,
joech dêr acht op ’t âlde, dat wie goed,
tradysje krige foarrang;
achte waard er om syn rang en moed,
hy gie troch foar ynteger.
By wettersneed en ierdske skokken,
ek by syktes, lykas goalera,
wie foarst Umberto rêder;
minsklik gie er op it rampfolk ta
en romme mei de brokken.
Hy koe net oer de anargisten,
liet it bloed rij streame yn Milaan,
de oanset foar syn eigen:
Gaetano** wist syn slach te slaan,
gjin anargistskot miste.
* Yllustraasje ‘Umberto I’
** Gaetano Bresci, de moardner
maart 25, 2017
fan ûnbekend*
Ik ha it hjir yn Nazaret
noch nea sa frjemd belibbe,
want wa ken dy Jezus net?
Ik woe der mar mei sizze
dat er út Jesaja lêzen hat
oer dat de Geast al kommen is
foar earmen, ek foar blinen,
’t is ôfrûne sabbat bard,
teminsten sa lei hy dat út,
mar neffens my hat er it mis,
hoewol’t Jesaja libbe yn ’t ferline,
woe hysels dy Geast graach ha,
sei dat er net wurdearre waard…
no komt it… as profeet fan Nazaret,
dêr stjoerde hy it dus op ta;
sa kaam nei boppen ’t eigenwize aard,
as stie dy keardel boppe Mozes’wet,
it wie de synagogegongers oer,
se jagen him de hichte op,
ik wol ’t wol witte, ’t gie te fier,
mar oan de oare kant, se wiene poer
en woene ha, hy moast de lichte yn,
mar bjusterbaarlik en ’t is stjerrend wier,
it like as wie elk ynienen blyn,
hy… Jezus gie syn eigen wei.
* Ofbylding ‘Jezus yn de synagoge’