maart 3, 2018
fan ûnbekend*
Wy komme hielendal út Grikelân,
de reis ha wy der wol foar oer,
omdat wy Joaden binne
mei ’t each op ’t Peaskefeest,
foar altyd bliuwt dy hechte bân…
wa lit Jeruzalem dan rinne?
Doe’t wy dêr wiene, hearden wy ’t berjocht
oer ien dy’t wat te sizzen hie,
syn maat brocht ús derhinne;
swart fan minsken wie it dêr,
mar hy stie yn it folle ljocht,
lykas de timpel yn de sinne.
Ferhearliking, dat hearden wy it earst,
doe kaam in kerrel yn de grûn
om foar de frucht te stjerren;
oandien spriek er ús sa ta
as wie er oandreaun troch de geast,
syn wurden ha ús ynspirearre.
Doe klonk fan boppen: ’Sjoch myn hearlikheid!’
Guon seine, ’t wie in tongerklap,
mar ’t hat ús iepenbierre
dat syn stânpunt hiel wat seit.
Byldegroep ‘Griken freegje tagong ta Jezus’
maart 2, 2018
De wettertoer en -poarte
steane stiif fan strange kjeld,
dat wetter lit him net mear sjen…
as hat de duvel dermei boarte.
Lit duvels dermei boartsje,
tweintich as ’t in bytsje kin,
sa’n leger lege graden telt,
sy sille ’t wetterpeil ynkoartsje.
Wa kin de djipte peile
fan de miuwen op it iis,
’t gefoel fan rûnom op te stean,
de kjeld lûkt troch de kromme neilen.
Kom duvels, noch in hoartsje,
dan lûkt krom de dikke tean
troch ’t riden, elkenien de priis,
want wille hoecht men net te partsjen.