Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frij skreppe

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2013

Image

De skippers fan de frije dei
ha ier de loft al skôge,
wolken brieken, wyn op wei,
in dreech kerwei, mar ’t waard foltôge.

Gjin skipper sylde dus foar fol,
wol mei de geast yn lôge,
dêr begûn it twirjen al,
it rûnhout rekke yn in bôge.

Image

De skûtsjes kniepen nei it skot
om hegerop te kommen,
frije wyn wie ’t winnend lot,
dat Drachten fielde him ferromme.

It skip fan plat en wer oerein,
hie hjoed de kop te pakken,
kniep omheech, rûn as in trein,
dat Snits bleau achter Drachten plakken.

Image

De skippers fan de frije dei
ha ’t yn Wâldsein wol witten:
twa kear skrept, in dreech kerwei…
wa woe sa’n hobby sjitte litte?

admin

Psychoaze

Keunst

fan August Strindberg*



Fol driging komt de himel oer,
wylst wolken skilderje de see
mei streken oan harsels gelyk;
fan Stockholm sjocht men sels gjin toer
dy’t winkt, foar ’t feilich fielen ree,
de stêd as wis ûntwyk.

Wat boppe is, komt ûnder del,
mei fûle twirren slacht de stoarm
it wetter, rizend ta in floed;
it folk fan Stockholm stoarret kjel
nei ’t needwaar, lûd klinkt it alarm,
de stêd is sels yn noed.

De skilder fielt de driging ek,
krekt nei syn himelheech jûchhei
slaan hege weagen op him del;
hy streket troch as wie er gek,
mar Stockholm komt net tichterby,
de himel wurdt ta hel.

* August Strindberg (1849-1912)
Skilderij ‘De stêd’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum