april 28, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Fan hûs nei Súd-Amearika
om Simon Bolivar te moetsjen,
firtueel, net as persoan;
sa gie ik op ’e hichte ta
en wist net wat ik boppe seach:
ik mocht de Inka’s stil begroetsje.
Har muorren wiene grien begroeid,
de wenten, timpels en paleizen
seagen my beskamsum oan:
wat brutsen wie, hie earder bloeid,
gjin Inka kriich ik yn it each,
de skiednis makke frjemde reizen.
My waard dêr stadichoan ferteld
dat tûzen minsken wenne hiene
yn dy stêd mei goud bekroand;
mar neat waard oer it bouwen meld,
de brek kaam op my oer as pleach…
hoefolle libbens deade wiene?
Wat oerbleaun wie, stie rjocht oerein,
fertelde altyd noch in bytsje
fan de Inka as ikoan,
in byld yn iuwen net ferflein;
ik, Hiram Bingham, dy’t dat seach
as earste reizger: Machu Picchu.
* Foto ‘Hiram Bingham’
** Foto ‘Machu Picchu’
april 27, 2019
fan ûnbekend*
Romeinen, gjin noed ha oer machten
dy’t ûnder, mar ek boppe jim binne:
dea of libben, duvel of ingel,
noeden fan hjoed, de takomst mei lok,
de leafde fan God sil oerwinne.
Jim kenne it libben fan Kristus,
syn dea oan it krús; dat er opwekke
is, giet fier út boppe ús tinken;
meitsje jim oer de noeden net drok,
de leafde sil alles bedekke.
Romeinen, lit my dit werhelje:
gjin macht sil ús fan Gods leafde skiede,
dea of libben, duvel of ingel,
noeden fan hjoed, de takomst mei lok,
de leafde hat alles te bieden.
* Post yn de Romeinske tiid