oktober 9, 2020
fan Peter Paul Rubens*
De soan fan himel en fan ierde
kaam yn opstân tsjin syn heit,
snie mei de sichte ôf ’t orgaan
dêr’t hy syn Gaia mei befruchte,
wat alles fan syn wredens seit.
Syn broers en susters naam er finzen,
sleat har yn de ierde op,
hy kriich as kening sa rom baan,
seach yn syn eigen bern ek hearskers,
noch heger sette hy it krop.
Sa friet er daliks nei de berte
op ’t ûnskuldich eigen kroas,
behalve Zeus, dy soe syn slach slaan
troch Kronos daliks op te sluten,
it koe net oars, dochs waard it oars.
Soan Zeus sleat mei heit Kronos frede,
dy’t in goede kening waard,
de oarder kriich troch him rom baan,
symboal fan Kronos waard de sichte,
de fjildfrucht joech him nocht en baat.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Kronos fret syn bern op’