mei 1, 2020
fan Jacques-Louis David*
Twa folken strieden tsjin elkoar,
stêd Alba Longa tsjin stêd Rome,
’t kaam op twagefjochten del,
dêr wiene trijelingen foar.
Twa trijelingen yn de striid:
de Curiatii tsjin Horatii,
beide kanten strieden fel,
’t rûn út op sa’t it altyd giet.
Horatius, hy naaide út,
mar deade ûnderweis de trije
Curiatii, ’t kaam doe del
op fiif de dea yn… ’t einbeslút?
Stêd Rome hie de twastriid wûn,
mar mocht de kriichsheld earst net lije,
want hy stiek syn suster dea,
sy hie har hert de fijân jûn.
Foarst Tullus spriek úteinlik rjocht
yn oerlis mei it folk fan Rome:
‘Held Horatius, gjin skea
hast brocht, sy roude om ’e nocht.’
* Jacques-Louis David (1748-1825)
Skilderij ‘De eed fan de Horatii’
(oan harren heit: winne of stjerre)