|   It fizier is rjochte op ‘e hopeop in winter wiis mei iis,
 heint yn de rûnte ’t wyt fan snie
 of ryp, de preemje of de priis,
 de sniebal of de heldedie.
 It begjin kin Snitser sprekken lije,want de Swette leit al ticht,
 it âlde trekpaad heinde snie,
 mar is it inkeld foar ’t gesicht
 en snijt hjir ûnder held en die?
 
 Smjunten kinne ’t eine-antwurd fluitsje,har fizieren ljochtsje op:
 ‘Wy heine leaver snie as iis
 en ha in wekker yn de kop
 foar ’t wek, ús heldedie en priis.’
 
 |