Lykme-allinne, 
sa hong Hy de jûns noch oan de peal, 
wylst alle tûken rekken keal 
by ’t sakjen fan de sinne: 
it kwea fan freed. 
’t Lyk moast allinne 
noch yn ’t grêf, wat hastich as by need, 
op sabbat pakst gjin deade beet 
omdat wy frommen binne: 
it kwea fan sneon. 
As minsken swije, 
wurdt de kleur fan hynsteblommen gleon, 
want promovearre ta har freon 
sil elke kroan fernije: 
it heil fan snein. 
 
  |