Se binne skepen op ‘e sechde dei,
de hokkelingen dy’t noch pubers wiene
en nei in tsjerkeliet te harkjen stiene,
mar gjin hok te sjen, sa ûnder ’t swurk,
allinnich stie it stek har yn de wei.
In hûndert meter fierder wie de tsjinst
foar alderhanne lju dy’t wolkom wiene,
net folle pubers dy’t te wachtsjen stiene,
want dy seagen ’t driuwen fan it swurk
en dreamden hoest der sûnder ek wol kinst.
Te meditearjen rûn de man fan ’t Wurd
oer dieren dy’t dy dei ek skepen wiene
en by ús Leave Hear goed oanskreaun stiene,
inkeld hy koe meitsje hjoed goed wurk
foar alle pubers mei en sûnder sturt.
Dus liet hy daverje muzyk en liet
oer alle skepsels dy’t op ierde wiene
en op in wûnder Gods te wachtsjen stiene,
iepen moasten stielen stek en swurk,
dus rôp hy hokkelingen ta de died.
|