Sy kaam yn de betide jûn
sa út it neat en op ‘e mar
mei beide fuotten op it dek,
oan gjin elektratriedden bûn,
se naam har eigen trie foar kar,
it wie genôch, se hie neat brek.
It wyt foarsei in lette jûn
mei weagen oer de hiele mar
as kaam wat út ‘e himel wei,
gjin bolder wie in tou oan bûn,
mar ’t skip lei stil, fier bûten ’t far,
it lêste ljocht loek út ‘e dei.
Se loek har trie nei boppen ta,
de oare hân lei op it hert,
doe ljochten op de durk en jurk
en rûnen weagen fan komsa
oer mar en lea, yn trilling set
waard elk, sy song lykas in ljurk.
|