oktober 30, 2023
De lêste tiid, noch simmertiid,
rûn ik faak op deselde tiid
it tsjuster yn de mjitte,
wylst de sinne muoite die
om boppe ’t wetter út te kommen,
hoewol’t de tiid noch simmersk wie.
It swurk waard troch de sinne read
kleurd, want it wie sawat syn tiid
om strieljend op te kommen,
read as fjoer hie ’t lang net west,
ik rûn it ljocht wol yn de mjitte,
mar wist as ’t jûn reint, is it hjerst.
Ik rûn snein ek, mar doe by ljocht,
it wie wer op deselde tiid,
mar diskear tusken beammen,
dêr’t de sinne folop liet
syn strielen troch de blêden komme,
doe wie ’t acht oeren wintertiid.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024