|   It barde by noch wifkjend ljochtdat wolken reek it swurk besetten,
 ik seach it yn de moarntiid oan,
 it wie de gloede dy’t my brocht
 ta flink de stap deryn te setten.
 Ik rûn nei ’t sintrum fan de stêden wifke tusken toer en poarte,
 seach út ‘e fierte beide oan,
 se wonken, want it moast wol rêd
 as fjoer en reek tegearre boarten.
 Ik waard it krekte plak gewaar,it wie it lege brêgehokje
 dêr’t reek útsloech, ik seach it oan
 en wifke, wie der wol gefaar
 of woe ien hiel wat oars útlokje?
 
 Mar brân of grap, gjin sprake fan,it wetter spuite troch de serviceman.
 
 |