In wetterstêd hat nea tefolle,
yn mar en grêft kin altyd mear,
dus gie de rie der wer oer gear,
want Snits krijt noch gjin wetterholle.
It ûnderein, dêr moat it barre,
de blaas is foar de helte fol
en stiet foar ’t pisjen noch net bol,
dan kin men op urine farre.
De oerheid wol it leafst skjin wetter,
dat streamt fan Wâldfeart nei de Geau,
oerbrêge wurdt dêrmei de kleau,
de euro’s streame jierren letter.
Dan rint in nije generaasje
tefreden oan de hân fan mem,
dan skuort fan nocht de fisker him
de bûsen út, syn slach mei faasje.
In wetterstêd hat nea tefolle,
dus sjong dit liet mar kear op kear,
mei man en macht rap yn de wear,
de kraan is oeren al oan ’t dollen.
|