Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wenstich patroan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De seewyn fiert hjoed skiere wolken mei
en sketst it wenstige patroan
fan ’t wrâldsje achter dún en dyk,
lykwols de grutte komt deroan
op dizze dei.

Image

De Alumfûgel strykt de kleuren yn
’t patroan en makket him al klear:
fan ’t wrâldsje út oer dún en dyk
nei fierder, fleanend as in spear
yn  sinneskyn.

Noch wurdt it sicht troch Alum breed beheind,
sa no en dan in glim, troch ’t rút,
fan wite wolken, gjin ûntwyk,
yn djip fertrouwen op derút
nei ’t hiele ein.

Image

De ein is tsjuster mei de stjerrekaart,
in skets yn ’t wenstige patroan
fan ’t eilânwrâldsje, gjin ûntwyk,
ek hjoed is hjir gelyk oan moarn:
noardeastpassaat.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum