Eartiids lei it yn it easten,
it doarp fan swalkers op har skip,
dy’t de sinne rizen seagen,
har frijheidssein, en út ‘e gryp
fan reguliere bannen
foer it folk syn eigen koers
en griep wat lei foar hannen:
âldizerbult en skjirreslyp,
mar doe’t de tiid de koers ferlei
nei rustfrijstiel en skjirren
mei oan de ein de fuortsmytwei,
lei it folk, oan ’t skip ferslave,
stil oan wetter, stroom en gas
yn harren wenskiphaven.
Yn it easten kamen havens
by kastielen foar it folk
fêst oan reguliere bannen,
mar de frijheid fynt yn tsjalk
en botter foar de sneon en snein,
nostalgy nei âlde tiden,
doe’t swalkers foeren sûnder ein
foar skjirreslyp en izer;
tiden hawwe lykwols tiden:
it easten sleat it skipsfolk yn,
mar neat kin ’t aard beskave
fan frijheid, swalkjend op ‘e wyn,
dy’t strykt oer harren haven. |