Ik gie ’t gebiet fan stilte yn:
ûnwêzentlik foar each en ear
stie ûnder beammerigen
in ramp as wie it lang al lyn
dat minsken hjir de deaklap krigen.
It wie gjin dream, ik seach it klear:
it blik ferbûgd as wie ’t papier,
twa tsjillen boppe ’t piipkrûd;
as ’t nedich wie, soe ‘k yn de wear
foar wa’t noch libbe, ’t wie my ynmoed.
It wie gjin film, mar stjerrend wier:
in autobus lei op ‘e kant
mei boppe iepen lûken;
it wie net nedich om yn ’t spier
foar ’t libben, want de deaden spoeken.
Ik gie ’t gebiet fan libben yn,
want wêzentlik foar each en ear
is net de imitaasje;
wat út it aai brekt, is al klear
foar ’t swimmen, klapleas en mei faasje.
|