Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wanhoopje net

Lyrysk Deiboek


Sjoch my hjir yn it neaken stean,
se ha myn hannen amputearre,
de kleuren giene my doe op en ôf,
sadat ik amper kleur mear ha,
ik sil it noch bestjerre.

Al jierren sjoch ik út op hout
dat út myn maat ta latten seage
is, wat miskien myn lot ek wêze sil,
myn beide earmen stek ik op,
ik wurd troch wanhoop pleage.

Wanhoopje net, sjoch achter dy,
ik bôgje my oer dyn slim lijen,
myn kleuren bringe dy in sprankje hoop
dat yn de simmer grien dy klaait,
dan silst wer hannen krije.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum