Noch is de rige beammen grien
en leit it wetter as in spegel
te blinken yn it moarnsljocht,
mar tekens lige net: it is hast dien
mei lette simmerstilte yn de regel.
De regels jouwe riten oan
mei brutsen wetter dat wyld weaget,
ferlerne hoop op deiljocht
en blêden, fallend yn dyselde toan,
it is de tiid dy’t yn de stilte reaget.
De tekens fan de tiid ferstiet
de miuw, dy’t eaget út ‘e hichte
oer wat noch baait yn stilte,
saait nei de lichte, kriezet skel syn liet
fan waaromslach, oan tiid en mins ferplichte.
|