As de drank nachts weaget yn it liif,
noch te betiid foar sloop en lekkens,
raze harsens alle triedden los
en easkje fette weagebrekkers.
Sletten tinte fan de fint of ’t wiif
ropt op om ’t letterseil te striken:
gjin kroket, skuor dan der mar op los,
in twirre lûkt it út ‘e liken.
Stiet de mêst fan giele geilens stiif,
dan krûpt it seil wer yn de hichte
mei in triedsje yn de neinacht los
lavearje liven nei de lichte.
|