Tusken twa pilaren 
yn de Fryske boustyl 
fan it griene libben 
leit it timpelske profyl 
fan in tsien hektare 
nei it hillich wurk 
fan rispjen, fol mei ribben 
ûnder ’t bôgjend swurk. 
  
Amper hûndert trêden 
fierder stiet it bouboerd 
fan Olympus’ timpel 
dêr’t mei holle, hân en foet 
de heechste eare rêden 
wurdt, in sûne plicht 
dy’t mei it wurk in stimpel 
set fan grut gewicht. 
 
  |