Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tusken monuminten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
sneon, 10 septimber 2005

It wie op monumintedei
dat hege flaggen sierden
wat ûnder lei te pronkjen
en iepen doarren noegen nei
wat binnen hie te bieden
oan preekstoel, bank en ponkje,
dat no net klear foar euro’s lei,
want hjoed wie ’t monumintedei.

Image

’t Wie ek neisimmerwaardei
dat preammen silend sierden
wat ûnder lei te pronkjen
oan wetter, slûs en reid,
mar ’t waar hie neat te bieden
oan silers as in gonkje,
dochs ’t âlde wie de ein fan wei,
want hjoed wie ’t monumintedei.

Image

Se wie al oer har tachtichste
en mei de helm as sieraad,
de scooter as har pronkje,
belibbe se har eigen dei:
se racede mei sa’n gonkje
fan boerepream oer tsjerkepaad
as puber út it âlde skaai,
want hjoed wie ’t monumintedei.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum