januari 8, 2018
It ljochtet noch wol op,
al is de sfear hjoed oer
en sit it skynsel ûnder,
boppe-oan sjocht men gjin sier,
de pyk skeat knallend út ’e top…
wa leaut noch yn in wûnder?
Dêrûnder raast ferkear
en batse lûden tsjin
’t beton, dat keatst it hinne
en werom as wie ’t Aldjier,
yn ’t nije jier wer kear op kear…
wa soe hjir sjonge kinne?
De muorre jout it oan:
ien komt al moannen klear,
in hoer hat hjir klandyzje;
’t stiet dêr inkeld foar de sier,
it beamke falt net út ’e toan…
wa rint hjir troch mei fyzje?
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024