Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tûkebult

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ut it tsjuster fan de iere moarn
ferriisde ’t riedsel fan in tûkebult
op bannen yn de grûn fersakke;
’t antwurd like yn de heap bestoarn,
gjin tûke dy’t my wizer makke.

Image

‘k Rûn werom nei ’t riedsel fan de keet
dêr’t lei foar ’t boargerdom sa kreas de skuld
hoe’t heechkultuer de grûn yn sakke:
troch in swiere skeet dwers foar de reet
dêr’t elkenien him mei fermakke.

Image

Ik bejoech my op ferbean terrein,
dat skuldich sloep ik nei de achterkant,
ferwachtsjend yn de lea de messen
fan in feest yn fjoer en reek ferflein,
mar ‘k seach oars net as lege flessen.

Image

Ut ‘e dize fan de earste skrik
ferriisde ’t blau mei earder wite brant
om âlderwetsk de bus te follen,
dan in flugge striker foar de fik
en ’t balte, boldere as bolle.

Image

Yn it ljocht fan letter op ‘e moarn
beseach ik ’t riedsel fan de keet syn kant:
fan ’t dreunen dwilich yn de holle,
troch de drank yn leechkultuer bestoarn,
ha tûken grif net brâne wollen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum