Lit gerêst it knyntsje rinne,
springe boppe snie en iis,
dat gjin kjeld kringt troch it hier,
wit wol ’t is stjerrend wier:
jong strûpe is in griis,
de blauwe eagen sille ’t winne.
Lit de do mar rêstich rize,
wjukjend boppe ’t knyntsje út,
dat gjin slach bringt him yn noed,
want blau wurdt hjoed syn bloed;
de snaffel fljocht de snút
foarút om ’t goede paad te wizen.
Wjukje, springe nei wat wichtich
is, nij libben op it strie,
blau, mar net fan kleare kjeld,
it himelske fertelt
oer Bern en dier, de rie
fan meitsje ’t libben sa trochsichtich.
|