It is in kwestje fan de sturten
en mar ien folsleine kop
dy’t ynbrocht wurdt yn de diskusje
oer de wolproblematyk
op dizze ynternasjonale top
fan moat it wol of moat it net
mei al dy wylde hierren, in moai nustje,
mar wa’t mist, dat is de Gryk.
De brune koppen konkelfoezje,
witte fan gjin kont of sturt,
mar stekke yn op eigen wolmerk,
rekkenje harsels al ryk
mei ’t politike oerlis hurd tsjin hurd,
it hege tal is harren wet
fan liberale frijheid makket oersterk,
mar wa’t mist, dat is de Gryk.
It is in kwestje fan de koppen
dy’t it yn de kop net ha
ienriedich harren wol te dielen,
want elk wol syn grut gelyk,
dus giet it hurd op konfrontaasje ta
fan moat it wol of moat it net
en wa’t net hearre wol, sil stjitten fiele,
it alderhurdst de swarte Gryk.
|