|   Wa’t net loskomt fan syn wentetusken fûnemint en nok
 en dochs ferlet hat fan de mar,
 kin kieze foar in stielen bak,
 in hierhûs tusken kop en kont,
 en kriget mear as syn gerak
 mei ’t feestgefoel fan thús fakânsje
 wylst ik far.
 Farrend krigen sy garânsjedat foar har in haven wie
 mei plak foar izerbak en hok,
 op ’t lêst hie elkenien in fak,
 al is it net foar ’t hiele front,
 sy krije mear as har gerak:
 ’t gefoel fan hjir en dêr fakânsje,
 mar dochs drok.
 
 |