Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Teater

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Men moat it spul fersiere,
oars binne dak en muorren saai,
it libben freget om teater:
drama, mar it blijspul komt dêrnei,
men hoecht gjin spiler yn te hieren.

De wyn begûn te gûlen
en rôp de help yn fan de stoarm,
doe kriich it sierspul sa’n optater
dat yn ’t waargeweld klonk lûd alarm…
elk drama sprekt mei trettjin mûlen.

Om ’t blijspul koe men laitsje:
de tsjoender kaam alhiel yn ’t wyt
en spile achter ’t kleed teater,
song dêrby it âlde flaggeliet
om ’t spul mei hokus pas te meitsjen.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum