februari 7, 2022
Al wekker foar in nije flecht
stie hy heech op ’e brêgeleuning
djip te tinken oan de nacht,
dy’t swart wie as syn eigen fearren,
mei ’t gefoel ‘ik bin it echt’.
Hy wist ‘ik bin yntelligint’,
dus koe hy nacht oan dei ferbine
mei syn brein fan read nei ljocht,
fan bloed dat ier begûn te streamen
nei ’t gefoel ‘ik bin in fint’.
En doe’t de himel kaam yn ’t ljocht
dat út syn brein begûn te streamen,
wylst syn fearren bleauwen swart,
liet hy him as in hearsker hearre:
‘Wit, ik ha de dei betocht.’
Syn tinken bliuwt totalitêr,
want as diktator sil er hearskje
oer de fûgels fan it gea,
dy’t mei har kleuren witte litte:
‘Hy is oeral, hjir dan dêr.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024