Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sûnder sturt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It giet noch troch, wol trije nachten,
’t spul lûkt stadich nei de dei,
dêr is de hiele opset nei,
dus wurdt der wachte.

De stilte sjongt by iere strielen,
wylst de blêden kleurje swart,
kûlisse foar wat jûn noch bart…
wat is it wiere?

Lit net de werklikheid hjoed komme,
want dêr is ’t de tiid net foar,
wat spilet freget gjin gehoar,
it sicht ferrommet.

Sy spylje laitsjend al in sêne
út wat noch ferwachte wurdt,
’t is har komeedzje sûnder sturt
en sûnder sjêne.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum