Weidûkt leit er yn de moarntiid 
as it tsjuster noch de oermacht hat, 
lykwols bedrige troch de folle moanne. 
Dy hat skynd de nacht troch, lânwiid 
dûkten swakke strielen nei de grûn, 
mar nei dat skynsel kraaide noch gjin hoanne. 
Weidûkt ûnder ’t stjelpdak lei de 
boer yn ûnmacht yn de neare dream 
dat hynst en merje ’t diene, mar gjin soannen. 
’t Earste ljocht strykt oer de greide, 
wylst de moanne sakket en in beam 
is klear foar ’t heinen, tûken wurde hannen. 
Foar de hoanne is er wekker, 
stekt de hannen nei de oeren út 
en wit al ier, de takomst leit oan bannen. 
’t Brochje leit him lang net lekker, 
lit him witte, is it wol sa sûn 
om nachts de neare merje yn te spannen? 
By it opgean fan de sinne 
sjocht de boer de dei wer troch in gat, 
hoewol’t it krús noch stiet foar sûnder soannen. 
   |