Lit de nacht de nacht mar wêze,
tsjuster, amper noch struktuer,
want dreamen binne flechtich
mei withoefolle merjes, dy’t ûnhuer
út wolken wei oer fjilden eaze.
Lit de moarntiid mei de sinne
skilderje de swurkstruktuer,
in santich eleminten,
want fariaasje heart by de natuer,
it technysk wyt sjit dêr trochhinne.
Harkje hoe’t de oeren roppe
ta it wurk, kreas yn struktuer,
dy’t skoot foar ’t sinnich keunstwurk;
sjoch hoe’t it unifoarme fan kultuer
it deistich paad berint nei boppen.
|