Tusken stekken stiet it folk
as bisten yn de jister,
wachtsjend op ‘e wite wolk,
want gjin Snitser mist der.
Daliks stappe minsken yn
mei ’t sisterjen yn earen,
wylst it reekroet makket blyn,
hearst it stoomfolk bearen.
Earst in boarrel foar de toarst
en sjoch, dêr komt it meunster,
stomend fan emoasjekoarts,
ynspirearjend keunstner.
Seis retoers en ’t is foarby,
farwol nostalgysk wûnder,
mar it boerd ’te keap’ docht nij:
Snits kin der net sûnder.
Keapjen soarget foar retoer
fan folle mear wykeinen,
bisten lykwols jouwe ’t oer,
sjoch mar nei de einen.
|