Al jierren leit er stil derhinne 
sûnder skûtsjes nei de Thabor-terp 
om modder foar de skrale finne, 
stedske tiden ha de skippen keard; 
no hawwe fûgels ’t ryk allinne 
yn de Frjentsjerterfeart. 
Wat krêften driuwe my derhinne, 
stean ferline tiden noch op skerp 
dy’t idealisearre binne, 
ta in lanlik magysk barren keard? 
Ik sil it wer belibje kinne 
by de Frjentsjerterfeart. 
It waar is min en ‘k rin allinne 
yn de lijte fan de stedske terp 
dêr’t minsken ’t âlde guod ynwinne; 
‘k bliuw ynienen stean en sjoch ferheard: 
in stoarmbal hinget nêst de sinne 
by de Frjentsjerterfeart. 
 
  |