Myn siel is ta de Heare stil,
hja wachtet dimmen op Gods wil.
De stilte song al ieuwenlang
te Yndyk oan de Hegermar
by ’t rûzjen fan de weagen
as fioelen by de deadesang.
Gjin boer of boarger hie de kar
om oan de dea syn jild te jaan
en ivich lok te smeitsjen
as Gods ingels oan de himelmar.
It tsjerkhôf koe gjin goed mear dwaan
oan dy pear deaden yn de rêst,
mei al dy dôvenettels
brânde ’t, soe de hel syn slach wol slaan.
Mar ien stien hold de hope fêst,
sy buorken troch oant ’t alderlêst,
dat wiene Yndyks bruorren,
stille sielen, dat foldie it bêst.
|