In lânskip as yn Oekraïne,
stikken riden troch it stiel
dat alle oeren rôlet;
swiere motors hawwe diel
oan ’t sljochtsjen fan ’t ferline.
Wol trije steane op in rige,
âld en rustkjend, út ‘e striid,
it kin foar ’t doel net mâler…
bringt de Rus se by de tiid?
Hy sil der net om lige.
It stiet kursyf en read op ’t wite,
foar de hiele wrâld is ’t klear:
in move dy’t fierder rôlet,
mar nij stiel bringt net de kear,
’t ferline sil net slite. |