Sterk as getten yn beton
stie er op syn eigen daam,
wis dat libbenswaar en -wyn
syn behurde lea net fan
’t fuotstik stjitte soe, ien raam
en hy lei sawat deryn.
No leit er tusken daam en sleat
yn ûnmacht ûnder ’t tsjuster swurk
en suchtsjend oer de swiere lêst
fan ’t hurde, op ‘e kop ferkeard;
ien lichemsdiel docht noch syn wurk,
de sterke senuw hâldt him fêst.
|