Breed, it breedst, dus breder kin it net,
de uny fan it swarte folkje,
dat gearkomt nei in djippe dûk,
dat is no ienkear it gebrûk
om sa de ienheid te fertolkjen,
want wet is wet!
Breed de wjukken sûnder dêrop fet,
lit dan de drippen mar ferwaaie
as ’t folkje mar in ienheid bliuwt,
wat ek de solofleaner driuwt…
wol dy dan mei de flerken swaaie?
Dat kin dus net!
Sjoch him sitten op in hege peal,
alhiel apart fan ’t unyfolkje,
hy makket him in meter breed
en jout in gjalp, lit ek in skeet
om ’t eigen ego te fertolkjen…
kleur heal om heal.
|