It is de kleur dy’t al wat seit 
fan mantelsoarch of út ‘e hichte wei 
sjen hoe’t it lân derhinne leit.
  
De mem hat oan de wurkersklean 
en draait har oeren nacht en dei yn ’t rûn, 
de soarch foar fiif bern tagelyk, 
it aard hat har oan ’t neiteam bûn, 
har berntsjes binne ’t libbenslean. 
It hege hearskip sjocht it oan 
en fynt de rûnte neat, sa stiet hy dêr 
it lân te skôgjen yn swart-wyt, 
gjin mantelsoargen, solitêr 
fertsjinnet hy mei ryk fertoan. 
  
It is de kleur dy’t al wat seit 
fan arrogânsje of it oare aard: 
is ’t libben net in aardichheid?  |