Gjin spoar mear fan ’t ferline
doe’t der groeven waard om grûn
foar ’t hege spoar
om stêden te ferbinen.
De winter lûkt noch spoaren
yn ’t Spoardok mei ’t deade reid,
mar sterker komt
de maitiid al nei foaren.
De oergong tusken beide,
dok en spoar, stiet fol yn bloei,
der is gjin spoar
mear fan ferline reiden.
De reizger sjocht it oare:
wizertikken yn it rûn,
de trein dy’t komt,
it moat it jier troch spoare.
|