Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Solorige

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It giet al om miljoenen
iters sûnder oanspraak,
drinkers sûnder proaster,
praters sûnder harker,
sjoggers sûnder bysit,
lêzers sûnder klankboerd,
dreamers sûnder bysliep,
solo’s mei har stille jûnen.

Ik fluite en de ko dy’t weide
op ‘e prikkels fan syn magen,
die direkt de kop omheech;
ik seach, dêr stie se yn de greide
as soliste troch de dagen
tusken kypwein en myn each.

Image

’t Gefoel om ôf te gliden
sûnder hâlder fan in hân
mei de gong fan fallend sân
en de kypwein sil wer ride.

Ik fluite nei de kij dy’t rûnen
yn in lange rjochte rige,
fierste fier om op te sjen;
ik seach en tocht oan de miljoenen
yn in lange rjochte rige,
manlju, froulju en har bern.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum