Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Snie op snein

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De wetterpoarte hinget heech
as noeging foar it keappublyk
dat noch te winterdreamen leit,
’t is snein,
it snijt hjoed op ‘e Easterdyk.

Image

Noch heger hinget hy yn ’t seil
dêr’t winterdeis gjin wyn yn waait,
mar ’t lûkt kontoeren foar de sier,
’t is snein,
de snie fersoarget hjoed it heil.

Image

En op ‘e achtegrûn, noch skier,
ferriist de wetterpoarte echt,
mar alles leit noch plat en leech,
’t is snein,
it heil nimt hjoed gjin hege flecht.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum