De Skepper hat gjin gaos wollen,
makke skieding tusken see en lân,
joech Adam al it teken
fan fiif fingers oan de hân:
sa rint de grûn yn streken.
Dy grûnslach rekke yn de holle
by ’t bewurkjen fan it lân,
dat sûnder skeppingspreken
komt it wurk út minskehân:
de ierde leit yn streken.
De Skepper skoep lykwols ek mollen,
mei de bult in ûngeregeld bist,
foar boeren dochs in teken,
dus mei slingers, want sa is ’t:
de minske hat syn streken.
|