It gie mar troch, de iene nei de oare
waard berne yn de lytse roef,
gjin romte foar in stik of tsien,
mar dochs, wylst heit yn terpgrûn groef,
dêr hiest noch ien!
Wol trettjin ûnderbroeken oan de line
as ’t skûtsje tsjin de reiden lei
mei romte foar it bernespul,
wylst mem it mannewaar opsei:
gjin flauwe kul!
De tiid gie troch, it iene nei it oare
waard berne foar de twadde kear,
dat fjirtjin kamen yn de striid,
mar dochs, de frou as mem de ear:
deselde tiid! |