Sy sit heech boppe wetter, 
swarte fûgel fan de nacht 
dy’t wite wurden skyt, 
in fretter fan de grutte fracht 
dy’t dûkend fiskjes byt, 
de hals wurdt hieltyd fetter. 
Sy fangt mei soartgenoaten 
yn de mande fivers leech 
en hat it steilste wurd, 
gjin draaierij is har te dreech, 
se skippert mei de sturt, 
raast út har falske noaten. 
Sy praat heech boppe wetter 
har ferdraaide nekke skjin 
om idel troch te gean 
mei soartgenoaten yn de min 
dy’t foar it pealtsje stean, 
gjin spegel is moarn better.  |