Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Seemiuwen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De miuw leit plôke foar de wâl,
hoewol… it wite jout noch oan
syn hege simmerflecht,
it gie him boppe ’t weagjen nea te mâl,
mar no, by’t ljochtsjen fan de moarn,
is alles oars as echt.

Image

De namme bliuwt, mar sprekt net mear,
hy leit foar aap, mar sûnder sturt,
syn slinger hat er net,
sa wjukleas yn it wetter docht him sear,
de see skoot hieltyd fierder fuort,
fan ‘Seemiuw’ gjin ferlet.

Dan hy dy’t ek dy namme hat,
hoewol… ien fan in oare soart,
yn wintertiid noch hecht,
hy meditearret pealsteand earst noch wat,
hat beide wjukken fêst oan board
foar daliks yn de flecht.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum