De oanfal komt fan fiere kimen,
dreaun en swypke troch krêft seis,
de hichte yn mei om de bekken skom,
wat tsjûget fan in grutte grime,
oerenlang al ûnderweis
en dan… ynienen dûke rotsen op,
in liny, troch de ieuwen hinne stom
ferdigenjend de readen, swarten, blanken,
weach nei weach spat útinoar,
in streaming lûkt him rap werom,
dan raast de oanfal nei de flanken,
rôlet wyt fan lilkens heger, mar
behellet winst noch rom.
Hy skôge ieuwenlang de kimen
oant er rekke yn ferfal,
de wyn allinnich skeinde rûch it stal,
syn fjoer hat as in teken flime.
Mar hjoed kin sels in boatsje farre
sûnder teken op ‘e rots,
de skipper stjoert en jout him oer oan gods
bestjoer, dat neat kin him sa barre.
|