|   It jout it byld fan rjochte hoeken,saaklikheid yn hurd beton,
 fan iepen finsters sûnder sicht,
 de leechte fan in djip balkon,
 in plak om te misbrûken.
 Se brûkten inkeld rûne boardenfan wyt plastic, in flaubyt
 yn ’t ûndergrûnske as protest
 tsjin ’t byld dat as in bunker stiet,
 sa hawwe se har warre.
 Dêr ride se no fleurich hinne,tandemfytsers yn it rûn,
 stielstrieljend blau fan ’t romme sicht,
 de wrâld út oer de griene grûn
 as byld fan rûnom sinne.
 
 |