De roef wie lytser as de stâl,
dêr’t man en frou yn wennen,
op dy dei ek heit en mem,
se wiene mei har jonkje mâl,
it wie dyselde nacht sûn berne.
Gjin ljochten hongen oan de gyk,
wol wie ’t dy nacht ljochtmoanne,
stjerren wiene ek te sjen,
mar net ien hoeder op ‘e dyk,
de boer hie wol de keallen boarne.
De boeren fan It Heidenskip
ha net de muoite nommen
om te kommen nei dat bern
dêr yn it krêbke op it skip,
wat koe har doe in skipper bomme.
It bern ferhuze nei de durk,
syn stâltsje om te sliepen,
wizen lieten har net sjen,
de eigenwiisheid wie oan ’t wurk,
doch gie de wrâld foar ’t jonkje iepen.
|